FIDEO: Spilers pakke trainer Henk de Jong werom, auto ynpakt

27 jul 2017 - 22:39
Henk de Jong: Dy rotjonges kinne har mar klearmeitsje - Foto: Screenshot Facebook

De Fryske trainer Henk de Jong sjocht op in filmke op de Facebookside fan syn klup De Graafschap nuver op syn noas as er it parkearplak op komt by in trainingskamp. Syn auto is hielendal ynpakt mei plestikfoly.De doarren kinne net mear iepen. De tekst by it filmke suggerearret dat de spilers him moai te fiter hawwe: "Dat krijst derfan ast trije kear deis traine moatst en denei ek noch in in boskrin dwaan moatst.", stiet derby.

De Jong kin der wol om gnize. "Wat in smearlappen. Dat kin dochs net? Myn auto sit noch yn de ferpakking. Dy rotjonges kinne harren mar klearmeitsje. Tink derom."

(Advertinsje)
(Advertinsje)