Partoer Dijkstra-Piersma-Schurer wint PC-keats-off

27 jul 2017 - 21:30

It partoer Jelte Pieter Dijkstra, Pier Piersma, Jan Schurer hat him pleatst foar de 164e PC. It partoer fersloech yn de finale fan de keats-off it partoer fan Remmelt Bouma, Jelte Visser en Nick Leistra.

Oan de keats-off dogge de partoeren mei dy't as 16e, 17e, 18e en 19e stean op de ranglist fan keatsbûn KNKB. 

De PC wurdt kommende woansdei hâlden op it Sjûkelân yn Frjentsjer. De lotting is kommende moandei. 

(advertinsje)
(advertinsje)