"Fryske starters kinne it bêste hûs keapje yn Dantumadiel"

27 jul 2017 - 21:13

Starters op de wenningmerk binne yn Fryslân yn Dantumadiel it bêste ôf. Dat docht bliken út ûndersyk fan hypoteekadviseur eyeOpen.nl. Dy hat sjoen nei it tal starterswenningen dat yn in gemeente te keap is, en oft in gemeente in spesjale startersliening oanbiedt. Dantumadiel docht dat wol, as ien fan de fjouwer gemeenten yn Fryslân dy't sa'n startersliening kenne.

Neffens eyeOpen.nl hat Fryslân dêrmei de minste gemeenten dy't in startersliening oanbiede. Opfallend dêrby is dat Skylge wol in startersliening hat, mar dat dêr gjin wenningen foar starters te keap binne. It giet dan om wenningen ûnder de twa ton en minimaal 75 kante meter grut. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)