Betinking 75e stjerdei smyt Brandsmamuseum mear besikers op

27 jul 2017 - 20:48

De betinking fan de dea fan pater Titus Brandsma hat in soad ekstra besikers opsmiten foar it museum yn Boalsert. Ofrûne woansdei wie it 75 jier ferlyn dat Brandsma om it libben brocht waard yn kamp Dachau yn Dútslân. Dêr waard yn Boalsert ûnder oare by stilstean mei in grutte eucharistyfiering ûnder lieding fan biskop Van den Hout fan it bisdom Fryslân-Grinslân.

Der komme ek in soad reaksjes binnen by it museum. "In soad minsken binne ûnder de yndruk oer de wize wêrop't Titus Brandsma him ynsette foar oaren," seit direkteur Hieke Joustra. Ien fan de sprekkende foarbylden dêrfan wie doe't er fêstsiet as finzene yn Kamp Amersfoort. Op Goedfeed 1942 spruts Brandsma de oare finzenen ta as wiene se yn de frije wrâld. Hy wie sels op dat momint al siik en swak. Titus Brandsma joech dêr net om. Hy bekroade him mear om de minsken om him hinne."

It wie keunstskilder John Dons dy't der ek fêst siet, dy't ien fan de meast ferneamde portretten makke fan de pater. Dons tekene Brandsma doe't dy yn de sikeboech lei mei iepen TBC. Op 13 juny waard Brandsma op transport set nei Dachau. Dêr stoar er in pear moanne letter, 61 jier âld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)