"Sjuery Dichter fan Fryslân net saakkundich genôch"

27 jul 2017 - 19:18

De trije dichters dy't foar it lêst de Gysbert Japicxpriis foar poëzij wûn hawwe, wolle net beneamd wurde ta Dichter fan Fryslân. Se fine de sjuery dy't dy beneaming docht, net saakkundich genôch. Dat seit Abe de Vries, dy't yn 2005 de prestizjeuze Gysbert Japicxpriis krige foar syn bondel 'In waarm wek altyd'. It stekt him dat der yn de sjuery, dy't bestiet út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, net ien sit dy't Frysktalige gedichten skriuwt. Deputearre Sietske Poepjes fynt it spitich dat De Vries de saakkundichheid fan de sjuery yn twivel lûkt, mar se sil der neat oan feroarje.

De Dichter fan Fryslân moat poëzy tichter by de minsken bringe. It hoecht net beslist in profesjolele dichter te wêzen, elk kin him opjaan. Dêrom is it net perfoarst nedich dat de sjuery him op profesjonele wize mei Frysk dichtsjen dwaande hâldt. seit de deputearre.

De oare Gysbert Japicxlaureaten dy't gjin belang hawwe by de titel Dichter fan Fryslân binne Anne Feddema (2009) en Jacobus Smink (2013).

De Dichter fan Fryslân wurdt oansteld foar twa jier mei de opdracht om alle jierren seis oant tsien gedichten yn it jier te skriuwen by in selskeazen gelegenheid of in aktueel barren.

Gadingmakkers kinne harren oant en mei 10 septimber oanmelde op de webside www.dichterfanfryslan.nl. De dichter krijt in fêste fergoeding fan 2500 euro yn it jier en dêrnjonken 250 euro foar elk gedicht.

Op freed 24 novimber makket deputearre Poepjes bekend wa't de earste Dichter fan Fryslân wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)