Femke en Keeti boppe-oan yn Vaurienklassemint op WK

Twa sylsters út Snits gean oan de lieding yn it klassemint op it WK yn de Vaurienklasse yn Poalen. Femke Yntema en Keeti Neijman stean yn de Vaurien by de froulju boppe-oan en yn it algemien klassemint op it sechsde plak. Healwei de sylwike binne sy no de heechstklassearre Nederlanners yn Gudowo. Yn punten stean Femke en Keeti gelyk mei Femke har broer Jelmer Yntema en syn bemanningslid Timo Gruis út Ljouwert. Dy stean sânde yn it algemien klassemint. De wedstriden wurde hâlden op de Lubie-mar. Der binne 63 dielnimmers út tsien ferskate lannen.
De wyn op it WK yn Poalen is oant no ta dreech. It waait alle kanten op, seit Tim Spek út Gau. Tim en syn bemanningslid Nick Zondervan stean nei seis wedstriden op it 14e plak yn it klassemint. Femke Spek en Anne-Rixt Reitsma út Oppenhuzen stean op it 25e plak yn it algemien klassemint en tredde yn it frouljusklassemint.
Thom de Haan en Nico Lochorn stean op it 23e en Steven Sijperda út Drylts en Jilles Andringa út Naarden op it 37e plak. It WK duorret noch oant sneon.