Skippersportret: Sytze Brouwer

01 aug 2017 - 06:06

Oer fjouwer dagen begjint it SKS skûtsjesilen. Dit jier sitte der fjouwer nije skippers yn de kompetysje. Yn de oanrin nei de earste silerij op 5 augustus by Grou, lizze wy de fjouwer nije skûtsjeskippers in pear fragen foar. As earste Sytze Brouwer.

Nei omke Tjitte Sietesz Brouwer en heit Pieter Brouwer is it no oan Sytze Brouwer om as skipper te starten yn de SKS. Dat docht hy op de Gerben van Manen fan It Hearrenfean. Sytze is jong mar hat ûnderfining genôch. Fan 1997 oant 2008 wie hie bemanningslid op it skûtsje fan Earnewâld en fan 2009 ôf by Hearrenfean. Ek wie hy skipper yn de IFKS. Klear foar it grutte wurk dus. Tongersdei is Sytze mei de hiele famylje te gast yn it Skûtsjekafee. Wy lizze him fiif fragen foar:

Dit jier is dyn earste jier as skipper, mar wat makket dy in goede skipper?
“Ik bin hiel rêstich, ik sjoch goed foarút en jou de jonges oan board in soad betrouwen. Fierder moat it fansels noch blike, it is myn earste jier noch mar.”

Wat is dyn ferwachting fan dit jier en op hokker plak einigje jimme?
“Ik ferwachtsje in hiel spannend kampioenskip, elkenien is goed op it stuit. Ik fyn it lestich om ússels te posisjonearjen yn it klassemint. Wy hawwe de lêste jierren net yn de top 10 syld, dus ik wol yn alle gefallen yn de top 9 einigje. Mar ach, it leafst noch wat better as dat.”

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak op it skûtsje wie ranjajonge en ik mocht yn de roef sitte.”

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Dat is hiel ynteressant. Ik begjin fansels as nije skipper eins hielendal opnij en mei sadwaande ek myn eigen bemanning gearstalle. Ik haw in bepaald idee wa wêr it bêste funksjonearret en fan dêr út kinst se ek it betrouwen jaan, troch harrensels ûntdekke te litten wat sy dogge en wannear. Sa sjogge alle bemanningsleden fan oare bemanningsleden dat se groeie yn harren rol. Foar my wurket dat perfekt. De jonges wurde hieltyd entûsjaster en dat fersterket de teamgeast nei alle trainingen wer.”

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Dan is It Hearrenfean te lyts en binne wy hiel bliid!”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier; alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)