Skippersportret: Jaap Zwaga

31 jul 2017 - 06:04

Oer fiif dagen begjint it SKS skûtsjesilen. Dit jier sitte der fjouwer nije skippers yn de kompetysje. Yn de oanrin nei de earste silerij op 5 augustus by Grou, lizze wy de skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed is it de beurt oan Jaap Zwaga.

It is net de earste kear dat Jaap Zwaga oan it helmhout stiet. Yn 2012 en 2013 wie hy ek al skipper fan it skûtsje fan Langwar. Earder wie Zwaga bemanningslid op de skûtsjes fan Ljouwert, Huzum, Grou en fansels Langwar. Mar it skûtsje fan Langwar bliuwt altyd spesjaal foar Jaap Zwaga. Wy lizze him fiif fragen foar:

Dit jier is dyn earste jier wer as skipper, mar wat makket dy in goede skipper?
“Ik bin fansels al earder skipper west mar dat is no fjouwer jier lyn. Ik fyn dat in skipper alle taken op it skûtsje sels ek kinne moat, oars kinst de bemanning ek neat leare. En dan witst fansels ek net hoe’tst de mannen oanstjoere moast!”

Wat is dyn ferwachting fan dit jier en op hokker plak einigje jimme?
“Ik haw no gjin ferwachtingen. De nije sylformule pakt net sa goed út foar ús skip neffens foargeande jierren. Wy moasten gewicht yn it skip bringe en seil ynleverje. Mar wy geane fansels wol foar in sa heech mooglik resultaat!”

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“As tsienjierrich jonkje mocht ik mei yn de roef fan it skip.”

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Dêr hoech ik net safolle oan te dwaan, dat giet by dizze ploech eins fansels.”

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Dan wolle alle skûtsjes kommend jier ek mear as 20 ton weagje, mar dan bin ik boppedat in hiel lokkich man!”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier; alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.

(advertinsje)
(advertinsje)