Wer twa nije spilers by SC Hearrenfean

27 jul 2017 - 17:32

Sportclub Hearrenfean hat tongersdeitemiddei de komst fan twa nije spilers bekend makke. It giet om de Serviër Nemanja Mihajlovic. De 21-jierrige linksbûten komt oer fan Partizan Belgrado.

Dêrneist fersterket SC Hearrenfean him mei de Nij-Seelanner Marco Rojas, dy't oerkomt fan it Australyske Melbourne Victory. De 25-jierrige Rojas spile yn it ferline ek foar VfB Stuttgart.

Beide nije spilers wurde freedtemiddei om kertier oer tolven presintearre.

De komst fan de twa spilers waard bekend makke by de presintaasje fan Denzel Dumfries. Earder waard al bekend dat hy Sparta ferruilet foar SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)