Man werom op eilân dêr't er al mear as 100 jier wei is

27 jul 2017 - 16:53

Aldste man fan Nederlân Eelke Bakker fan Dokkum fynt it prachtich dat er op It Amelân is. Ballum is it plak dêr't er berne is, al wennet er dêr al mear as hûndert jier net mear. It oansjoch fan it doarp sil him bekend foarkomme. It doarp is tongersdei op de Ambachtlike Dei weromset nei begjin 20e iuw. Bakker is 106 jier âld en hy wurdt freed 107.

Tegearre mei de boargemaster fan It Amelân rydt Bakker foarop yn de optocht troch de Camminghastrjitte, dy't er sa goed ken. It stiet him noch helder foar de geast hoe't er as lyts jonkje op it eilân nei skoalle ta gie en letter mei syn âlden nei it Fryske fêstelân ferhuze. Der is er ek altyd wenjen bleaun. Op it eilân komt Bakker net safolle mear. Wol giet er geregeld nei Holwerter daam dêr't er It Amelân lizzen sjen kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)