Harnzers wolle gefolgen sâltwinning yn de gaten hâlde

28 jul 2017 - 06:00

In nije organisaasje yn Harns sil him dwaande hâlde mei de gefolgen fan winning fan Frisia Sâlt yn de havenstêd. Ferskate partijen hawwe soargen oer de foarnommen boarrings yn 2019. Dan wol it fabryk 3 kilometer foar de yngong fan de haven nei sâlt boarje. Neffens Frisia soe dat yn in sirkel op it Waad presys oant de Waadkust effekten hawwe kinne en net fierder. De feriening Oud Harlingen betwivelet dat en hat al earder oan 'e belle lutsen. 

Harns stiet yn de top 20 fan monumintestêden fan Nederlân. Oud Harlingen hat eigeners fan monumintale gebouwen, bestjoeren fan tsjerken en oare belanghawwenden benadere. De ferskate partijen slaan no de hannen ynien om op ûndersyksmêd, op juridysk en op polityk mêd mear betsjutte te kinnen.

De nije organisaasje wol dat der tiltmjitters yn guon monumintale huzen en gebouwen pleatst wurde. Frisia Sâlt hat oanbean in nulmjitting te dwaan, mar dat is neffens de ferûntrêste misken net genôch. In tiltmjitter registrearret njonken fersakking ek bewegingen fan de grûn yn en om huzen.


De gemeente Harns stiet achter de ideeën fan de noch op te rjochtsjen groep dy't ek soargje wol dat de bewiislêst omkeard wurdt. Dat is yn dielen fan Grinslân no ek fan tapassing yn gaswingebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)