Himpkwekerij oprôle yn Wolvegea

27 jul 2017 - 16:19
De loads dêr't de himpkwekerij yn beslach nommen is - Foto: De Vries Media

De plysje hat tongersdeitemoarn in himpkwekerij yn Wolvegea oprôle. Yn in bedriuwsgebou oan de Magnesiumwei binne fiifhûndert planten oantroffen. Der binne gjin fertochten oanhâlden. It ûndersyk is noch dwaande, dat de plysje slút oanhâldings net út. De planten binne meinommen en ferneatige.

De kwekerij kaam foar it ljocht troch in rommingsaksje dy't de plysje sa no en dan útfiert. Ek op It Hearrefean binne ferskate lokaasjes besocht, mar dêr is oant no ta gjin kwekerij fûn.

Trefwurden: 
himpkwekerij Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)