Beammen oan Havenwei Starum gean dochs om

27 jul 2017 - 16:01

De gemeente Súdwest-Fryslân kapt definityf in tal beammen oan de Havenwei yn Starum. Omwenners kearden harren koartllyn tsjin de kap, mar yn in brief oan harren seit de gemeente net oars te kinnen. De woartels fan de beammen binne oantaast en se kinne dêrom omwaaie.

De beammen sille ferfongen wurde troch lytsere eksimplaren. Neffens de gemeente passe dy ek better op it plak. De beammen oan it Havenkertier gean op 2 augustus tsjin de flakte.

Trefwurden: 
beam Starum kappe
(advertinsje)
(advertinsje)