Boalserter bern wolle boarterstastellen

27 jul 2017 - 15:43
Foto: Omrop Fryslân

Bern yn de Boalserter wyk Hartwerterfeart fiere aksje foar boarterstastellen. By de oanlis fan de wyk soene der ek boarterstastellen komme, mar dat is it nea fan kaam.

De bern hawwe hantekeningen ynsammele om harren winsk krêft by te setten en dy oanbean oan de gemeente. Wethâlder Maarten Offinga komt no moandei del om oer de saak te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)