Nije gearwurkingsskoallen yn Arum en Sibrandabuorren

27 jul 2017 - 15:32
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân stekt de kommende jierren hast trije miljoen euro yn de bou fan nije skoallen yn Arum en Sibrandabuorren. Yn Arum giet it om nijbou foar De Oanrin, in skoalle dy't ûntstiet út in gearwurking fan de iepenbiere en kristlike skoalle yn it doarp. Doel is dat it nije gebou der yn 2019 stiet. Oant dy tiid kriget de ûnderbou les yn it gebou fan de iepenbiere skoalle, dy fan de boppebou yn dat fan de kristlike.

Yn it nije gebou yn Sibrandabuorren wurde de learlingen fan trije skoallen ûnderbrocht: dy fan Sibrandabuorren, fan Gau en fan Tersoal. Ek dy trije skoallen sille gearwurkje, al moat de gemeenteried dêr noch wol mei ynstimme. It gebou yn Sibrandabuorren moat ek yn 2019 klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)