Tigeropfang Felida rêdt bisten út bistetún Aleppo

27 jul 2017 - 14:10

Juno van Zon fan de tigeropfang Felida yn Nijeberkeap hat ferline wike njoggen bisten út de bistetún yn it Syryske Aleppo rêden. It giet om tigers, liuwen en hyena's. De twa tigers wurde nei alle gedachten nei Nijeberkeap brocht en dêr opfongen.

It rêdingsteam is mominteel yn Turkije, dêr't de slim fertutearze bisten út Syrië wei hinne brocht binne om by te kommen. Neffens Van Zon wiene de omstannichheden ûnder de reis tige swier fanwege it hjitte waar. De helpferlieners moasten om de trije oeren stilstean om de bisten te fersoargjen.

Van Zon is noch yn Turkije om de bisten te helpen. Earder wie er belutsen ek by rêdingsmissys yn Jordanië en Tailân.

Trefwurden: 
Aleppo Felida Nijeberkeap
(Advertinsje)
(Advertinsje)