Trochriden nei oanriding

27 okt 2011 - 10:39
Foto: Omrop Fryslân

De plysje fan Drachten siket de bestjoerder fan in bestelbus, dy't woansdei yn Drachten in frou oanriden hat en dêrnei trochriden is. Tsjûgen hiene sjoen hoe't it buske mei in oanhinger de frou op de Ringwei ynhelle. Trochdat de bestjoerder útwike moast foar in tsjinlizzer kaam er tsjin de frou oan. Mooglik hat er dat net fernaam. It slachtoffer kaam hurd te fallen en is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Drachten trochriden oanriding
(advertinsje)
(advertinsje)