Smellingerlân twongen ta jaan fergunning seismysk ûndersyk

27 jul 2017 - 14:00

De gemeente Smellingerlân sjocht him twongen om Vermilion tastimming te jaan om seismysk ûndersyk te dwaan. Yn maart dit jier wegere de ried it fersyk fan Vermilion, mar dy tekene dêr beswier tsjin oan by de rjochter. De rjochter hat besletten dat de fergunning dochs ferliend wurde moat. De ynfloed fan seismysk ûndersyk is beheind, sa stelt de rjochter. Dêrtroch fielt it kolleezje him twongen dochs de fergunning te ferlienen.

Mei seismysk ûndersyk wurde djippere ierdlagen ûndersocht op ierdwaarmte. Dat hoecht net per definysje te betsjutten dat der ierdgas wûn wurde sil. Mar dat kin wol. Dat risiko wie it kolleezje en de ried te grut.

(Advertinsje)
(Advertinsje)