Fallende stjerren: dêr wolst wekker foar bliuwe!

27 jul 2017 - 13:39
Foto: ANP

De kommende nachten binne der in protte fallende stjerren te sjen. Dat komt omdat de ierde troch de stofsturten fan twa kometen draait. Mar wat binne fallende stjerren no eins? Us stjerrekundige Feddrik van Dellen praat ús by.

Wat kinne wy ferwachtsje?

"Oant de pyk fan 13 augustus ta kinne wy elke nacht wol fallende stjerren sjen. Dat komt trochdat de ierde troch de stofsturten fan twa kometen hinnedraait. Dy stofsturten bestean út romtepún. Wannear't dat ferbaarnt, sjogge wy dat as fallende stjerren. Mar sjochst se fansels allinnich as it helder waar is."

Wannear kinne wy de measte fallende stjerren sjen?

Wy kinne yn de nacht fan freed op sneon om 02.00 oere hinne wol sa'n 40 fallende stjerren yn de oere sjen. Mar omdat de moanne in protte ljocht hat, kin it wêze dat it ferskynsel net sa goed ta syn rjocht komt. Feddrik advisearret dan ek om "sa gau as it tsjuster wurdt nei bûten te gean. Gean mei wat misken op 'e rêch lizzen mei de hollen nei-inoar ta. Dan hast de grutste kâns om sa folle mooglik te sjen."

Hokker kant moatte wy op sjen?

"Sjoch yn de rjochting fan it noard-easten. Foar de kenners rjochting it stjerrebyld Perseus. Kinst fallende stjerren gewoan mei it bleate each sjen. Wy kinne ljochtblauwe, tsjin it wite oan kleurjende fallende stjerren ferwachtsje. Fierrekikers en briltsjes meist thús litte. Dat is skande fan it effekt!"

Ik ha se mist! Wat no?

Gjin probleem. De fallende stjerren komme elk jier yn augustus wer werom. Hast gewoan wer in kâns kommend jier!

Enne... hoe sit dat mei it dwaan fan in winsk?

Feddrik wit dat eins net. "Faaks komt dat fan in soart âlde wiisheden. Mar ik wit der eins neat oer. It is in prachtich ferskynsel en minsken soene faker efter dy telefyzje wei moatte. Klaai dysels lekker waarm oan, pak in goede stoel en genietsje fan al dat moais dat út de himel falt!"

Trefwurden: 
fallende stjerren
(Advertinsje)
(Advertinsje)