Molemakkers wurkje har in slach yn de rûnte

27 jul 2017 - 12:45

Molemakkers hawwe it drok mei it ferfangen fan wjukken. Wjukken dy't út meardere stikken besteane, wurde ferfongen troch wjukken út ien stik. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de konstruksje fan de dielbere wjukken net sterk genôch is. It ryk hat jild beskikber steld om de wjukken fan sa'n 50 oant 60 molens te ferfangen. 

Dizze opdracht smyt lykwols wer in nij probleem op. It jild is nammentlik mar foar in beheinde tiid beskikber. Johannes Kooistra fan Molenmakers yn Tsjummearum tinkt net dat der genôch tiid is om alle probleemgefallen op tiid te ferhelpen. Sels is Kooistra no mei twa molens dwaande, mar dat kinne der samar mear wurde.

Trefwurden: 
mûne mole
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)