Swimmers Blauwe Golf moatte wachtsje op nije glydsbanen

Swimmers yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert moatte noch efkes wachtsje op de nije glydsbanen. Utbater BV Sport hie tocht dat twa nije spektakulêre glydsbanen der foar de simmer wêze soene, mar it papierwurk lit langer op him wachtsje. De bouwer fan de glydsbanen hie net alle tekeningen goed oanlevere, wêrtroch de proseduere fertraging oprint.
Nei alle gedachten komme de glydsbanen no pas heal septimber. Ien fan de nije glydsbanen wurdt 62 meter lang. Swimmers kinne harren snelheid mjitte en komme op de foto, dy't trochstjoerd wurdt nei harren mobile telefoan.
Neffens Arnold van Oostrum fan BV Sport bliuwe de âlde glydsbanen no langer sitten, sadat de swimmers der dochs noch gebrûk fan meitsje kinne.