Undernimmers Oerterp posityf oer sintrummanager

It appartemintekompleks oan it Lijteplein
Sintrummanager Klaas de Winter sil noch op syn minst in jier it oansprekpunt wêze foar ûndernimmers yn Oerterp. De Winter is sûnt 2015 sintrummanager en mei syn help wolle de ûndernimmers it winkelgebiet fan Oerterp oantreklik meitsje. Ek soarget hy der foar dat winkeliers goed gearwurkje kinne.
De ôfrûne tiid hat De Winter der foar soarge dat der blauwe parkearsônes ynfierd binne en dat winkeliers tips krigen ha foar it gebrûk fan social media en it ynrjochtsjen fan harren winkel en etalaazje.