Ynbrekker yn 'e kont biten

Yn Drachten hie de plysje yn de nacht fan woansdei op tongersdei in opfallende oanhâlding. Der waard in 28-jierrige man út Drachten meinaam nei it plysjeburo om't er ynbrekkersark by him hie. Bysûnder wie dat de man in kapotte broek oan hie, wêrfan't de stof by syn kont hielendal stikkenskuord wie. Op syn kont siet boppedat in poatôfdruk fan in hûn.
De plysje tinkt dat in oplettende hûn de man te pakken hân hat doe't er in mountainbike meinaam om út te naaien. Minsken dy't in hûn ha en fannacht wat heard ha, kinne har melde by de plysje.