Lieuwe Westra nei OS

30 maaie 2012 - 12:35

Lieuwe Westra is wis fan de Olympyske Spelen fan 't simmer yn Londen. De hurdfytser fan De Tynje is troch bûnscoach Leo van Vliet selektearre foar de tiidrit en foar de wedstriid op 'e dyk. De 29-jierrige Westra hat oant no ta in goed seizoen. Sa wûn er de keninginnerit yn Parys-Nice en waard er yn de tiidritten en it einklassemint fan Parys-Nice, de trije dagen fan De Panne en de Ronde fan België twadde. Westra is de twadde hurdfytser dy't wis is fan de Olympyske Spelen. Niki Terpstra is de oare. De bûnscoach hat no noch romte foar trije man.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
(advertinsje)