Opsterlân bliuwt by beslút om proefboarring te wegerjen

27 jul 2017 - 09:44

It gemeentebestjoer fan de gemeente Opsterlân hâldt fêst oan it beslút om gjin fergunning ôf te jaan foar in proefboarring nei gas troch Vermillon. Dy hie in fergunning oanfrege foar in proefboarring oan De Ripen 19 by Nij Beets. De gemeente hie dit al earder wegere, mar Vermilion hie hjir beswier tsjin oantekene.

It gemeentebestjoer bliuwt der by dat in proefboarring te folle neidielige gefolgen hat foar de omjouwing, benammen foar de natuer. Opfallend is dat boargemaster en wethâlders mei dit beslút yngean tsjin it beslút fan de beswierekommisje. Dy hie de gemeente oproppen om mei in hiel nij beslút te kommen. Opsterlân sjocht hjir lykwols gjin reden ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)