Fryske plysje skriuwt wol bonnen út op it wetter

Yn Fryslân sil de plysje gewoan bonnen útskriuwe foar oertrêdingen op it wetter. It Algemeen Dagblad kopt tongersdei dat de wetterplysje gjin boeten mear útdielt fanwege in skeel mei de plysjetop. Dat jildt lykwols allinnich foar de lanlike ienheid, dy't benammen aktyf is op de Noardsee.
De Fryske plysje sil wol gewoan boeten útdiele op it Fryske wetter. Hjir binne boppedat mear kontrolearjende ynstânsjes aktyf lykas Rykswettersteat.