Kollum: "Friese Balletschool"

"Santjin jier nei de film ‘Billy Elliot’ moatte wy it nochris hawwe oer gendernormativiteit. Wer't in lyts lân lyts in wêze kin. Billy Elliot is in film oer in jonkje fan 11 jier, dat hiel graach dûnset, en dan hawwe wy it oer ballet. Hy groeit op yn in arbeiderswyk, tusken broers dy’t yn in koalemyn wurkje en in heit dy’t him op boksen hawwe wol. Mar Billy wol net. Hy wol dûnsje. Syn bêste freon blykt homo, en tinkt krekt as in soad oare minsken dat Billy dat ek is. Mar nee.
En dit is in sydline yn it grutte ferhaal, mar hiel belangryk. Want de jonge moat hieltyd opbokse tsjin foaroardielen. Mar it slagget en it wurdt in sukses: yn it slot fan dizze skitterjende film sjogge wy him as folwoeksen man yn it Zwanenmeer dûnsjen. Billy wurdt in prachtich en yndrukwekkend minske, dy’t miskien wol swierder wurk ferset as syn mynwurkjende broers.
Werom nei Nederlân… 'Laat jij jouw jongen genoeg jongen zijn', sa freget de Stichting Ideële Reclame oan opfieders, yn in nije kampanje. Yn byld binne jonges dy’t sketen yn ‘e fik stekke, mei fytsen oan it racen binne en dy’t stoeie en ravotte.
It punt fan SIRE is dat jonges gewoan bern wêze moatte, oars wurde se remme yn harren ûntwikkeling. Dêr is neat mis mei. Behalve dat ik fyn dat famkes ék gewoan bern wêze moatte. Dêr sil SIRE neat op tsjin hawwe, mar mei dit spotsje komt it se al wat rottich de strôt út.
Wat se sjen litte is tige stereotyp. En dat bedoel ik dus mei gendernormatyf, en ja, dat is net goed. Want hjirmei helpt SIRE mei oan it fêststellen fan de noarmen fan wat in goeie jonge is. Noch efkes los fan wat dit ymplisyt oer famkes seit, is dat in hiele bekrompen saak. It helpt jonges dy’t dêr neat mei hawwe yn ‘e krûkels.
Simone de Beauvoir skreau in 1949: 'Je wordt niet als vrouw geboren, je wordt tot vrouw gemaakt.' Sosjaalwittenskipper Linda Duits sitearret har yn in nijsgjirrich ferhaal yn in YouTube-film fan de Universiteit van Nederland, mei de titel ‘Waarom dragen jongens geen roze nagellak’.
In tagonklik betooch oer hoe't yn de mienskip guon dingen automatysk manlik of froulik binne, en oer dat je as frou in frou spylje kinne troch je oan froulike dingen te konformearjen. Dus bygelyks kleurige klean, rokjes, lang hier. Mannen kinne ek mannen spylje. En we rekkenje inoar der ek op ôf; as man moatte je net te sierlik dûnsje en as frou moatte je net te koart hier ha. Dan komme der denigrearjende opmerkingen.
En dat is ûnnedich. Wannear’t in jongen mei LEGO wat makket, dan skoppe je ‘m dochs net sûnder mear it hûs út om bûten te boartsjen? Wannear’t in famke fuotbalje wol, prima. En in jonge dûnsje? Of tekenje? Wat is dêr mis mei? En wêrom moatte wy inoar dêr op ôfrekkenje?
It giet my der net om dat jonges ‘famkesdingen’ dwaan moatte, of famkes 'jongesdingen', wat dat ek is, of fan gender feroarje moatte. It giet my der om dat alle bern gewoan dwaan moatte wat se wolle. Oft dat no tekenje, dûnsje of fuotbalje is: se moatte it dwaan om’t se it sels wolle, en net omdat de mienskip fynt dat it sa heart. Want dat beheint de ûntwikkeling pas echt.
Ik winskje elkenien in protte wille mei it EK frouljusfuotbal. Of oars mei it frouljusfierljeppen. Statistysk sjoen kin it ek net oars as dat der in pear prachtige Billy Elliots yn Fryslân wenje. En wannear’t der yn it kommend jier noch altyd gjin ien jongen op de foto’s fan de facebookpagina fan de Friese Balletschool stiet, dán is der oanlieding foar in SIRE-kampanje."