Dumfries tongersdei presintearre

26 jul 2017 - 22:40
Foto: ANP

De nije Hearrenfeanoanwinst Denzel Dumfries wurdt tongersdeitemiddei presintearre yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Foardat de presintaasje plakfynt moat er lykwols noch in medyske keuring trochstean. Dumfries komt oer fan Sparta Rotterdam en moat de opfolger wurde fan Stefano Marzo. De ferdigener spilet it meast op de rjochtsback posysje mar kin ek ynsetten wurde as sintrale ferdigener of sintrale middenfjilder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)