Protest tsjin dongfergisters Marrum wreidet út

26 jul 2017 - 22:20

It protest tsjin de komst fan twa dongfergisters by Marrum ferhurdet. De kommende tiid komme der protestbuorden en spandoeken yn en om it doarp. Sa die woansdeitejûn bliken op in ynformaasjebyienkomst yn it doarpshûs. Dêr kamen sawat twahûndert ferûntrêste buertbewenners op ôf. Dy binne benaud dat in dongefergister stank- en ferkearsoerlêst jaan sil en dat it skealik wêze kin foar de sûnens.

De gearkomste wie net troch de eigeners fan de dongfergisters belein, mar troch doarpsbelang en it aksjekomitee No Shit. Dy bale derfan dat se oant no ta noch neat heard hawwe.

It protest rjochtet him benammen op de grutste fan de twa plande dongfergisters, dêr't enerzjybedriuw Engie eigener fan is. Yn augustus komt Engie te praten, mar allinnich mei doarpsbelang en it aksjekomitee. Dy hawwe in oprop dien oan it doarp om dan manmachtich foar de doar te stean en om de flaggen healstôk te hingjen.

Trefwurden: 
dongfergister Marrum
(advertinsje)
(advertinsje)