Deade bisten: botulisme yn Wergea

26 jul 2017 - 21:14
(argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn it wetter by Wergea is botulisme oantroffen. It giet om de omjouwing fan de Narderbuorren. Sûnt ferline wike freed binne meardere deade bisten fûn, dizze binne yn Lelystêd ûndersocht. It lêste bist waard tiisdei oantroffen.

Ut it ûndersyk hat bliken dien dat it om botulisme type C giet. Dy fariant is net gefaarlik foar minsken, mar wol foar bisten. Omwenners wurdt advisearre om de feiligheidsynstruksjes fan de gemeente op te folgjen. Dêr hawwe de bewenners in brief oer krige. De gemeente freget minsken ek om deade of sike bisten yn de omkriten fan de Narderbuorren te melden.

Trefwurden: 
botulisme Wergea
(Advertinsje)
(Advertinsje)