"95 prosint fan de charterskippen is yn oarder"

26 jul 2017 - 20:57

Mêstbouwer Piet Blaauw is it net iens mei it byld dat it yn de chartersektor net doge soe mei de skippen. De reaksjes yn de charterwrâld op de hurde krityk fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid binne ek fûl. De ried stelt dat der in soad mis is mei bygelyks ûnderhâld en feiligens op de skippen yn de brune float. Dat stiet yn it rapport nei oanlieding fan it deadlik ûngelok, ferline jier mei in brutsen mêst yn Harns.

Neffens Blaauw is 95 persint fan de skippen wol yn oarder. In soad skippers wachtsje de 5-jierlikse keuring net ôf, mar litte de mêst en oare saken faker ynspektearje.

Mei it negative byld moatte de goeden it no mei de ferkearden belije, fynt Blaauw. Dochs fynt er it goed dat de ûnderyksried kritysk is, benammen op keuringsynstânsjes, want dat kin folle better. It soe Blaauw net fernuverje dat der mear skippen omfarre mei keurde mêsten, dy't dochs net doge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)