Gouden kuorbalmedalje op Spelen

26 jul 2017 - 20:29
Foto: Omrop Fryslân

De Nederlânske kuorbalploech hat in gouden medalje wûn op de World Games 2017 yn Poalen. Yn de finale yn Wroclaw wie it Nederlânske team te sterk foar Sinees Taipei. By Oranje diene ûnder oare Erwin Zwart en Marjolijn Kroon fan kuorbalklup LDODK út De Gordyk mei. De Nederlanners wiene mei 26-14 fierstente sterk foar de Taiwanezen. De treastfinale gie tusken Dútslân en België, en waard úteinlik wûn troch ús suderbuorlju.

De World Games wurde sjoen as in soart audysje foar sporten dy't (noch) net Olympysk binne. It wurdt ek wol de Olympyske Spelen foar net Olympyske sporten neamd. Njonken kuorbal is der bygelyks ek romte foar fûstbal, bowle, toulûken en rêdend swimme. Erwin Zwart is net de iennige Fries dy't meidocht oan de World Games. Op sneon komme de Fryske toulûkers yn aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)