Foppe de Haan: Winstkâns tsjin Sweden fifty-fifty

26 jul 2017 - 20:08
Foppe de Haan mei bûnscoach Sarina Wiegman - Foto: ANP

De tsjinstanner fan de Oranjefuotbalfroulju fan kommende sneon yn de EK-kwartfinale is Sweden. Dy froulju hawwe in soad ûnderfining, want by de foarige Olympyske Spelen waarden se noch twadde. Dochs is assistint-bûnscoach Foppe de Haan tige tefreden oer hoe't it toernoai oant no ta ferrint.

"Trije wedstriden en 9 punten is in soad", seit Foppe de Haan. "Ik wist fan tefoaren dat dit in drege pûl wie. Se fleane der goed trochhinne, ek mei in bytsje lok, want dy Denen fûn ik echt goed. Ik hie ferwachte dat wy twadde wurde soene, mar wy binne dus earste wurden."

Wêr skriuwe jo it súkses oan ta?

"It is gewoan in goed team. De froulju binne it mei-inoar iens. Se traine hiel goed. Ik sit der fan ein oktober ôf by. Doe haw ik mei west nei Skotlân. En dan noch wat reiskes tuskentroch. It lêste healjier binne se folle better wurden. Sherida wit hiel goed wat se wol. En der sitte ek in pear by dy't hiel goed fuotbalje kinne."

Wat is it Foppe de Haan-effekt?

"Ik praat wat mei harren en ik train sa no en dan, mar myn bydrage is net sa grut. Ik bring myn ûnderfining yn en fertel harren dat jo, nei't jo de earste wedstriid ferlern hawwe, dochs noch Europeesk kampioen wurde kinne. Dat hawwe wy ek in kear dien. Ik besykje de spanning der wat ôf te heljen en jou se in soad yndividuele oandacht. Sa fan: wat betsjut dyn posysje en hoe follest dat yn, mei byldsjes derby. Hartstikkene leuk wurk."

Apart dat jo de EK-wedstriden fan de Oranjefroulju net op de bank sitte, mar op de tribune.

"Der mei mar safolle op de bank, en dan moatte se kieze. Ik bin mar op projektbasis. Ik bin aansen wer fuort. Mei de oaren moatte se fierder. Dus ik snap it hartstikkene goed. En op de tribune sjoch ik ek folle mear. Dêr sit ik tegearre mei de keeper-trainer. Dy sit neist my as in soarte fan notulist. Hy skriuwt de opmerklike saken en de minuten op. Dy toetse wy dan yn in fideosysteem en dan sjogge wy der tegearre nei, om der wat fan leare te kinnen. Dus eins is de tribune sa min noch net."

Hawwe jo ek kontakt mei de trainer?

"Dat mei net. Jo soene in sms'ke stjoere kinne. Mar ik meitsje yn it foar goede ôfspraken. Yn de pauze gean wy nei ûnderen ta en dan oerlizze wy efkes hiel koart."

Hat it entûsjasme foar de Oranjeliuwinnen jo ek ferrast?

"Ja, dat hie 'k noait tocht. De froulju fan FC Twente hawwe ris in kear Champions League spile en doe kamen der 15.000 besikers op ôf. Dat is al in pear jier ferlyn. Dat wie doe unyk. Mar sa'n grutte belangstelling as no op it EK is útsûnderlik. Dat hie 'k noait tocht. Dy earste wedstriid is altyd it belangrykste. Jo meitsje altyd in soad leven om it stadion fol te krijen. Dat hawwe se hartstikkene prima dien. Mar as jo dan net prestearje, is it oer. Dy earste wedstriid tsjin Noarwegen wie op frouljusnivo in hiel bêste wedstriid. Dat kinne se dus en dat wurdt útdroegen. En de media jouwe der in soad omtinken oan, seker de grutte kranten."

Ofrûne moandei seagen 2,4 miljoen minsken de wedstriid

"Dat is in hiel soad. Mear as de Champions League-finale. Mar it is ek leuk. Ik krij fan minsken dy't noait nei fuotbal sjogge, sms'kes of whatsappkes dat sy it leuk fine."

Kinne se it sneon yn de kwartfinale tsjin Sweden wiermeitsje?

"Wy hawwe yn de trainingsfaze yn de Algarve mei 1-0 fan Sweden wûn. Dat seit net alles, want dan binne de opstellingen oars. Sweden hat in hiel soad rûtine. Op de Olympyske Spelen binne se twadde wurden, achter Dútslân. Dyselde ploech stiet der no ek. Dus ast winne wolst, moatst echt oan de bak. Ik tink dat it fifty-fifty is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)