Partoer Frjentsjer wint de Jong Feintepartij

© Henk Bootsma
It partoer fan Frjentsjer hat yn Easterein de Jong Feintepartij wûn. It partoer fan Allard Hoekstra, Djurre Seerden en Marco de Groot wie te sterk foar it partoer fan Seisbierrum. Yn it begjin fan de partij koe Seisbierrum noch goed meikomme. Nei in 1-1, rûn Frjentsjer lykwols út nei in 4-2 foarsprong. De partij waard wer spannend makke trochdat Seisbierrrum it ferskil wer werombrocht nei ien earst. Uteinlik wie Frjentsjer mei 5-3 dochs te sterk foar de jonges fan Seisbierrum.
De partoeren fan Winsum en Menaam moasten yn de heale finale har meardere erkenne yn de finalisten, en krigen de tredde priis.