Keamerfragen oer feiligens skipfeart nei mêstûngelok

Twadde Keamer © ANP
It CDA yn de Twadde Keamer stelt keamerfragen oer it krityske rapport foar de ûndersyksried foar de feiligens oer it mêstûngelok yn Harns. It Ljouwerter keamerlid Harry van der Molen en syn kollega Martijn van Helvert wolle fan minister Melanie Schultz van Haegen witte wat sy docht om it tafersjoch op de keuringsynstânsjes te ferbetterjen.
Neffens de ûndersyksried foar de feiligens wurde de tradisjonele sylskippen net faak genôch kontrolearre. De 'Inspectie voor de leefomgeving' soe dêr op syn beurt op tasjen moatte, mar docht dat net goed genôch. Harry van der Molen wiist derop dat de brune float de lêste jierren bot groeid is. Yn de keamerfragen freget hy him ôf oft dat fan ynfloed is op it tekoartsjittende tafersjoch.
By it sylskip Amicitia yn Harns wie de mêst hielendal trochrotte, wylst dy yn 2012 noch goedkard wie. De mêst bruts flak foar it binnenfarren fan de haven ôf en foel op gasten oan board. Trije fakânsjegongers út Dutslân kamen by it ûngelok om it libben.