Sliepe yn 'buis en brochje' mei Ljouwert Kulturele Haadstêd

Sliepe yn in rioelbuis. It is net it earste dêr't jo oan tinke by in sûne nachtrêst, mar dochs liket it derop dat der yn 2018 sawat 3600 oant 5000 minsken sliepe sille yn in rioelbuis yn de greide by De Lytse Geast ûnder Tytsjerk. Gjin bêd & brochje, mar in buis & brochje, sa sizze de betinkers fan it idee. Alfred Lehmann en Bouwe Hoekstra binne derfan oertsjûge dat it it plan yn it ramt fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 in sukses wurdt. Sy tinke dat der dan tûzenen besikers komme en safolle hotelkeamers binne der net yn Ljouwert en omkriten.
It idee fan de sliepbuizen hat wat fan sliepen by de boer, mar dan in bytsje oars. De kosten foar in oernachting sille likernôch 20 euro wêze. Dêrfoar leit strie klear yn de rioelbuis en sit der ek in moarnsbrochje by yn. En oer strúnjeiers hoege de gasten net yn te sitten: foar de nedige privacy kinne de buizen trochkyp-'proof' makke wurde mei stikken swilk foar de úteinen.