Bou fan nije spoedeaskjende help by MCL foarderet

De bou fan de nije spoedeaskjende help fan sikehûs MCL yn Ljouwert sjit goed op. Nij yn de wurkwize is dat der gelyk al ûnderskied makke wurdt tusken minsken mei ienfâldige klachten en pasjinten dy't gelyk in hiel soad, yngewikkelde help brûke kinne. Der binne sels aparte yngongen foar makke. Ek de behannelromten binne dêr op oanpast en der wurkje ferskillende teams ôfhinklik fan de earnst fan de helpfraach.
De kapasiteit is ek bot útwreide; it is no de grutste spoedeaskjende help fan it Noarden. Dêr hearre ek fasiliteiten by lykas in romte tusken twa grutte behannelkeamers dêr't minsken yn oplieding in behanneling folgje kinne sûnder dat sy by de operaasjetafel stean moatte. Ek is der in aparte romte foar slachtoffers fan sedemisdriuwen of bygelyks bewenners fan de Marwei dy't medyske help nedich hawwe.
Op 12 oktober wurdt it nije kompleks iepene.