75 jier nei syn dea: wa wie pater Titus Brandsma?

26 jul 2017 - 16:48

It is woansdei eksakt 75 jier lyn dat de yn Boalsert berne Titus Brandsma yn it konsintraasjekamp Dachau yn Súd-Dútslân ferstoar. It libben en it wurk fan de katolike geastlike binne noch altyd in ynspiraasje foar in soad minsken. Der wurdt hope dat de pryster hillich ferklearre wurdt. Mar wa wie no dy Titus Brandsma? En wêrom hat it museum yn Boalsert syn namme? In oersjoch fan it libben fan pater Titus Brandsma.

Op 23 febrewaris 1881 waard Anno Sjoerd Brandsma berne yn it Ugokleaster, by Boalsert. Goed santjin jier letter gie hy, ûnder de namme Titus, yn it kleaster by de karmeliten. Dat is in âlde biddeloarder, dy't him dwaande hold mei de bestriding fan earmoede. Yn 1905 waard er wijd ta pryster.

Nei Rome

De pear jierren hjirnei brocht de jonge Brandsma troch yn Rome, it sintrum fan it katolike geloof. Hy studearre filosofy yn de 'caput mundi' oan de pauslike universiteit Gregoriana, stichte troch de ferneame Ignatius fan Layola (grûnlizzer fan de Jezuïteoarder). Nei in stúdzje fan goed trije jier kaam Titus Brandsma werom yn Nederlân. Hy ferhuze nei Oss en waard dêr dosint, en haadredakteur fan it nijsblêd 'De Stad Oss'.

Syn tsjerklike en maatskaplike ynset soarge derfoar dat Brandsma yn 1923 ta heechlearaar beneamd waard oan de Universiteit fan Nijmegen. De berne Boalserter oefene tsien jier lang ferskate funksjes út en waard doe rektor magnificus, it haad fan de universiteit. Keninginne Wilhelmina ferblide Titus Brandsma op 3 oktober 1939 mei in titel: Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Oarloch yn Nederlân

Doe't de Dútske soldaten yn maaie fan it jier 1940 it lân binnen kamen, kaam de posysje fan Titus Brandsma yn gefaar. Al inkelde jierren foar de Twadde Wrâldoarloch warskôge hy foar de gefaren fan it nazirezjym. Hy hie gjin goed wurd oer foar de maatregels tsjin de Dútske joaden en joech lêzingen oer rassehaat. Dat makke him kwetsber foar de besetter.

Yn jannewaris 1942 waard de pryster troch de Dútsers arrestearre, om't er him tsjin it nazisme fersette. Nei't er opsletten waard yn ferskate Nederlânske finzenissen, kaam er terjochte yn it konsintraasjekamp Dachau, tichteby de Súd-Dútske stêd München. Dêr ferstoar er op snein 26 july 1942, inkelde wiken nei syn oankomst. Neffens ferklearringen fan minsken dy't it kamp oerlibbe hawwe, hat Brandsma yn syn tiid yn Dachau fan grutte 'spirituele' help west foar syn kampgenoaten.

Ien de jierren nei syn dea waard de namme Titus Brandsma net ferjitten. Yn 1985 waard de pryster troch Johannes Paulus II sillich ferklearre. Ferskate strjitten, parochys en objekten hawwe syn namme krigen. Nei de iuwwikseling waard besletten dat der in museum komme moast yn syn berteplak Boalsert. Dêrfoar waard yn 2001 de stichting Titus Brandsma Museum yn it libben roppen.

Woansdei: tsjinst en lêzing

Tongersdei 27 july organisearje it bestjoer fan it museum en de Titus Brandsmaparochy in spesjale jûn yn de Sint Franciscusbasilyk. De jûn bestiet ûnder mear út in koarte tsjinst en in lêzing. Besikers fan de jûn kinne dêrnei noch in slach meitsje troch it museum, dat spesjaal oant 22.00 oere dy dei iepen is.

Woansdeitemoarn om 06.45 oere is der op Omrop Fryslân Radio mear te hearren oer Titus Brandsma. Pastoar Bultsma fertelt dan yn Fryslân Fan 'e Moarn oer de spesjale jûn yn Boalsert. Omroep Gelderland makke ek de ûndersteande reportaazje oer Titus Brandsma, nei oanlieding fan syn bân mei de stêd Nijmegen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)