"Mear meldings fan tal rotten op Flylân"

Rôt op Flylân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Der is gjin sprake fan in rottepleach op Flylân" sa lit de gemeente Flylân witte. Wol binne der mear meldings oer rotten op it eilân as oare jierren. Mar in pleach soe in te grutte beneaming wêze. Earder dizze moanne warskôge de gemeente der al foar dat der mear rotten op it eilân wiene, en foar de driging fan in rottepleach.
De rotten skarrelje om by huzen en yn rekreaasjegebieten. De gemeente warskôget minsken om ôffal net njonken konteners del te setten, en itensresten net op it terras lizze te litten. As der in melding fan in rôt binnenkomt, giet de gemeente by de melder del om ynstruksje te jaan oer wat der dien wurde moat om oerlêst te bestriden.
It is net krekt dúdlik hoefolle rottemeldings oft der dit jier binnenkaam binne.