Grutte knal op It Bilt: ''Alles trille''

In militêr op de fleanbasis yn Ljouwert © ANP
Ynwenners fan It Bilt binne woansdeitemiddei tsjin trijen behoarlik skrokken fan in grutte knal dy't te hearren wie en dy't de ruten trilje liet. It gie om in strieljager dy't troch de lûdsbarriêre gien is. Ien fan de fleantugen makke in dûk om oan syn efterfolger te ûntkommen. Dy oefening wie sân kilometer út de kust wei, mar dochs wie de knal op It Bilt goed te fernimmen.
Dy fleantugen wienen om ûngefear 16.00 oere wer werom. De basis hat al meldingen krigen út Minnertsgea, Nij Altoenae en Sint-Anne. Omdat it moai waar is, wienen in protte minsken bûtendoar, op it stuit fan de knal.
''Alles trille''
Agaath út Sint-Jabik seit dat ''alles trille''. Eline út Sint-Anne seit dat it in ''mega klap'' wie, as foel der in bom. Har bern binne hielendal fan slach en sels tocht sy in momint dat har hûs oan de seedyk ynstoarte. De eigener fan de garaazje yn Sint-Jabik siet op syn kantoar en tocht dat der yn de poetsromte dêr njonken wat hielendal misgie.