Plysje warskôget foar duo dat sabeare goud slite wol

© ANP
De plysje is op syk nei in duo dat yn sawol Grinslân as Fryslân besiket nepgoud te sliten by juweliers. De earste meldingen fan it twatal kwamen woansdeitemoarn út de stêd Grins en Hoogezand. Mei boargernet is besocht de minsken op te spoaren. It soe gean om in man en in frou mei in East-Europeesk uterlik. Se wolle by juweliers it spul ruilje foar sieraden.
De plysje warskôge woansdeitemiddei fia twitter dat it duo ek yn Drachten sjoen wie. Juweliers krije de oprop om wach te wêzen foar de oplichters.