Wurkstraf foar Kollumer (24) om winkelstellerij

26 jul 2017 - 15:06
Stellerij - Foto: Omrop Fryslân

In 26-jierrige frou út Kollum hat sechstich oeren wurkstraf krigen foar it stellen út trije ferskate winkels yn har wenplak. Fan de sechstich oeren binne der tritich ûnder betingst. De frou hie guod stellen by de HEMA, it Kruidvat en de Jumbo. Se sei dat har man skulden hawwe soe, en dat se dêrom finansjeel krap sieten.

Neffens de offisier fan justysje wie it guod dat se stellen hie lykwols net bedoeld foar basisbehoeften. Sa hie se make-up kwasten, flieëdruppels, snobbersguod, earmbantsjes en klean meinaam. Neffens de reklassearring hat de fertochte in protte meimakke yn har bertelân Syrië. De rjochter fûn de stellerij yn trije winkels lykwols te slim om it ôf te dwaan mei allinnich in jildboete.

(Advertinsje)
(Advertinsje)