As postrinner ferklaaide ynbrekker oppakt by Ealahuzen

26 jul 2017 - 14:16
Foto: ANP

De plysje hat woansdeitemoarn by Ealahuzen in 34-jierrige man út Utrecht oanhâlden, dy't by in hûs yn it doarp ynbrekke woe. In doarpsbewenner seach de ûnbekende man troch de eftertún fan it hûs rinne. De man hie in t-shirt oan en in pet op fan in bedriuw dat post besoarget. De bewenner fertroude de saak net en spruts de man oan. Dy naaide dêrnei út.

Troch it sinjalemint fan de man troch te jaan oan de plysje, koe dy de ynbrekker krekt bûten it doarp oanhâlde. De man hie gjin goeie ferklearring wêrom't hy troch de tún skarrele, en hy wurke net by it postbedriuw. De fertochte sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ealahuzen ynbrekker plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)