Sintrum De Jouwer yn it teken fan Boerebrulloft

26 jul 2017 - 14:04

It sintrum fan De Jouwer stiet woansdei folslein yn it teken fan de 63e Boerebrulloft. Dit folkloristyske evenemint is troch de jierren hinne útgroeid ta ien grut feest. Der wurde ferskate aktiviteiten organisearre, lykas in defilee troch it sintrum, in njoggentjinde-iuwske brulloft en in ringriderij. Dielnimmers en frijwilligers by de Boerebrulloft binne klaaid yn tradisjonele klean fan rûchwei 1850.

''Moaie seremoanje''

Foar Janna en Sjoerd wie der woansdeitemoarn in bysûnder momint: sy spilen tegearre de brulloft út de njoggentjinde iuw nei. ''It wie in hiel moaie seremoanje'', fertelt Janna. ''Ik fûn it hiel moai om te dwaan.'' Har man Sjoerd wie ynnommen mei de entoeraazje: ''ik bin bot ûnder de yndruk fan hoe't sa'n seremoanje 150 jier lyn krekt gie''.

(Advertinsje)
(Advertinsje)