Mark de Vries nei ONS

30 maaie 2012 - 12:11
Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

Mark de Vries is takom seizoen spiler fan ONS Boso Snits. Tiisdeitejûn hat er it kontrakt tekene dat him foar ien jier, mei in opsje foar noch in jier, oan de Snitser sneonshaadklasse ferbynt. De spits, dy't syn ôfrinnende kontakt by SC Cambuur net ferlinge koe, stie ek yn de belangstelling fan in tal topklassers. De 36-jierrige fuotballer sil ek meihelpe om de oanfallers fan ONS better te meitsjen. De Vries hat in lange karriêre yn it betelle fuotbal achter de rêch.

Sa spile hy û.o. foar Volendam, Niort (Frankryk), Dordrecht '90, Heart of Midlothian (Skotlân), Leicester City (Ingelân), SC Hearrenfean, ADO Den Haach, Leeds United (Ingelân), Dundee United (Skotlân) en de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur.

Trefwurden: 
fuotbal Mark de Vries ONS
(Advertinsje)
(Advertinsje)