Johanna Jacoba komt as beurtskip werom op rûte Drylts-Snits
De Johanna Jacoba is in beurtskip dat yn eardere tiden beurttsjinsten fearn hat fan Warkum nei Boalsert en fan Drylts nei Snits. It skip is fan 1909 en hat yn mear as hûndert jier in protte meimakke. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard it skip foardere troch de besetter. De alliearden ha it skip yn Grins sinke litten. Nei de oarloch kaam it wer yn 'e feart. Fan 1960 oant 1992 hat it beurtskip omswalke yn Noard-Hollân.
Sûnt 1992 is it skip yn besit fan de gemeente Súdwest-Fryslân en wurdt de ekploitaasje dien troch frijwilligers. En krekt as eartiids fart it skip wer tusken Drylts en Snits.
De Johanna Jacoba is ek yn te hieren foar in unike fartocht oer de Fryske wetters.