Iepeningstiden brêge Skarster Rien yn it foardiel auto's

26 jul 2017 - 13:02

De brêge yn de A6 oer de Skarster Rien krijt strakkere betsjinningstiden. Mei de maatregel wol Rykswettersteat wat dwaan oan de lange files op de A6. It ferkear op de sneldyk hat al lêst fan de wurksumheden foar it ferfangen fan de rotonde by De Jouwer, mar hie benammen yn de jûnsspits ek te krijen mei de brêge dy't hieltyd iepen gie. Dêrtroch rûn de wachttiid aardich op.

Om te soargjen foar in bettere trochstreaming fan it ferkear giet de brêge mei yngong fan 1 augustus foar 9.10 oere moarns en tusken 15.40 en 18.40 oere jûns net langer iepen foar it skipfeartferkear. Tagelyk wurdt de betsjinning yn de jûnsoeren útwreide, sadat skippen jûns wat letter troch de brêge kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)