''Skipper Amicitia noch hieltyd bot oandien"

26 jul 2017 - 12:15
Foto: Noordernieuws

De skipper fan it sylskip Amicitia is neffens direkteur Boerema fan syn fersekeringsmaatskippij noch hieltyd bot oandien troch it ûngelok fan hast in jier lyn. Tegearre mei syn partner wie hy oan board fan it skip doe't de trije Dútske manlju om it libben kamen. De skipper út Stiens hat meiwurke oan it ûndersyk, mar hat de offisjele ferzje ek woansdei pas ûnder eagen krigen.

Hy fart alwer mei de Amicitia, seit Boerema, mar is foaral yn ôfwachting fan it beslút fan it Iepenbier Ministearje. Dat ûndersiket oft de man dea troch skuld oplein wurde kin. Ferwachte wurdt dat hjir oer in pear moanne tiid dúdlikheid oer komt.

Trefwurden: 
skipper Amicitia Harns ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)