Utjouwerij fan ûndernimmer Hendriks yn Wolvegea fallyt

26 jul 2017 - 11:54
Foto: Google Streetview

De útjouwerij Friesland Holland Tourist Information BV fan toerisme-ûndernimmer Albert Hendriks yn Wolvegea is op eigen fersyk fallyt ferklearre. It bedriuw hat neffens kurator Eerde de Vries in skuld fan 167.000 euro. Troch it fallisemint komme fiif minsken sûnder wurk te sitten. Hendriks seit dat hy net langer op kin tsjin in ''tegenwerkende overheid'', dy't him mei it buro Merk Fryslân ûnearlike konkurrinsje oandwaan soe.

Dêrtroch makke hy ferlies by it útjaan fan eigen fakânsjegidsen en toeristekaarten. Dêrneist rûnen de kosten fan it befeiligjen fan de begeliedende websiden út de hân. Hendriks seit dat syn reisorganisaasje bûten it fallisemint falt en dat it dêr just goed mei giet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)