It Amelân krijt plak foar ferbining en besinning

© Persbureau Ameland
It Amelân krijt in plak dêr't minsken rêst fine en harren besinne kinne. It is in inisjatyf fan de herfoarme gemeente op it eilân. Dy kocht yn maart dit jier in pleats, dy't no brûkt wurde sil as plak foar ferbining en besinning. Ek wurdt der yn de pleats oandacht jûn oan keunst, muzyk en filosofy. De gemeente kaam op it idee trochdat der hieltyd minder minsken yn de tsjerke komme. Mei dit plak wol de gemeente dy minsken in plak oanbiede foar rêst en stilte.